Post Description
l rûm tritich jier stiet Teake yn Fryslân op iensume hichte. Teake van der Meer, de grutte lytse man út de Westerein, dy't mei syn net te folgjen humor en syn nuveraardige typkes it Fryske publyk al mannich nea wer te ferjitten oerke besoarge hat. Syn optredens binne in feest en wêr't er ek mar it poadium op komt, de minsken komme net wer by fan it laitsjen. Wa kint net syn prachtige kreasjes lykas Appie mei Bello, Auke Orgel, Matsje fan Jan, Hendrikje en gean sa mar troch. Begûn op feesten en partijen groeide de Westereinder al rap út ta de meast populêre Fryske humorist. Syn konferênses binne fan in heech nivo wêrby't hy de minsken oan it laitsjen krijt sûnder dêrby oare minsken foar de holle te stjitten. Neist it gewoane konferênsewurk is Teake ek de man fan de typkes. Fan it iene op it oare momint krûpt er yn de hûd fan syn kreasjes en wurdt er de persoan dy't er delset. Neist syn solooptredens treedt er ek gauris op mei ilusionist Minze Dijksma en sangeres Griet Wiersma.
Comments # 0