<< MP3 Eddy Dykstra - 1998 - Underweis, An Emigrated Son [Frysk, Troubadour]
Eddy Dykstra - 1998 - Underweis, An Emigrated Son [Frysk, Troubadour]
Category Sound
FormatMP3
SourceCD
Bitrate192kbit
GenrePop
GenreFolk
TypeAlbum
Date 9 years, 9 months
Size 55.73 MB
 
Website https://nzbindex.nl/search/?q=Eddy+Dykstra+-+1998+-+Underweis%2C+An+Emigrated+Son+%5BFrysk%2C+Troubadour%5D
 
Sender RealFrisian (8mKXYQ)
Tag Frisian
 
Searchengine Search
NZB NZB
 
Number of spamreports 0

Post Description

Eddy Dykstra, skûlnamme foar Ids Dijkstra, (De Jouwer, 31 desimber 1948) is in Fryske Kanadees dy't yn it Ingelsk en yn it Frysk sjongt. Berne op'e Jouwer as Ids Dijkstra, op 31 desimber yn'e Midstrjitte. Soan fan Sjoerd Dijkstra en Elizabeth Idsinga. Yn maart 1949 mei de "Marine Shark" emigrearre nei Kanada. Ids wurdt Eddy. Yn oktober 1958 werom nei Fryslân mei mem, Thelma, Lowell en Harvey . Neidat Eddy syn heit yn it jier derfoar ferûngelokke wie it better dat de famylje werom gie nei Hollân, sa as dat doetiids hjitte.

Eddy song in protte en spile al op syn earste bakkeliten blokfluit. Krige blokfluitles yn Ousterhaule, as ienige jonge tusken fjouwer famkes. Yn 1963 wurdt der tamboer by it korps CSC op'e Jouwer. Letter ek paukenist en in lyts skofke tamboer-maitre. Yn 1964 begjinne de earste oefeningen op de gitaar, dy't Eddy liene mocht fan in famke út Langwar. Dan wurdt it trio The Cads oprjochte (leadgitaar: Cees Slump, drums: jongere broer Lowell Dykstra , slachgitaar en sang: Eddy Dykstra). Yn Sint Jânsgea winne se in 3e priis op in talintejacht. It earste optreden mei de skoalband as sjonger mei it in hit fan doe: " Lucky Lips ". Yn 1965 it oprjochtsjen fan de skoalband : The Movers (sang en gitaar: Eddy Dykstra, drums: Lowell Dykstra, gitaar: Minnesma, gitaar: Connie Boiten).

Earste útfiering fan klassike muzyk is yn 1966: Eddy sjongt mei syn mem op in âlderjûn lieten fan û.o. Buxtehude. Begelieding op'e piano troch ien fan de leraren: Dhr. Gerrit Bootsma. Dan folget it oprjochtsjen fan de beatgroep Spot'66. (sang en slachgitaar: Eddy Dykstra, leadgitaar: Cees Slump (letter ferfongen troch Lolke Eijzinga), basgitaar: Henk Ploegstra, drums en sang: Lowell Dykstra. In "bekend "eigen liet wie "Operation 45"

Sjongt as tenoar yn it koar sjonge yn Bach's Mattheüs Passion. De útfiering fynt plak yn in tsjerke oan De Fok op It Hearrenfean. As Eddy 21 jier is, kriget er syn earste pianolessen. Om stúdzjeredenen stap Eddy út de beatgroep Spot'66. Yn 1973 wurdt Eddy tsjerke-oargelist yn Terkaple. Hy siet faaks in hiele sneontemiddei te oefenjen op 8 ferskes. Dit hat him tige holpen om letter makliker de harmony-lear yn'e macht te krijen. As solist- sjonger by it R.K-jongerenkoar "The Martin Singers" yn Snits. 1975: Eddy wurdt dirigent fan it mingd koar "Us lyts doarpke" yn Goïngaryp. Under syn lieding as dirigent hat it koar letter in 1e priis helle op in sjong-konkoers yn de AVRO-studio's te Hilfertsom. Utfierd waard "Pater Noster". "The Martin Singers" út Snits nimme in plaat op, wêrop Eddy yn in oantal lieten (û.o.: It's me , oh Lord) de solo-sang op him nimt. Dit is dan syn earste offisjele opname. Yn 1978 ferhuzet er en wurdt as gitarist aktyf yn "It Stjittekabaret" yn Oerterp. Eddy wurdt dêrnei dirigent fan it mingd koar "Halleluja" yn Ousterhaule. Foar in lyts skofke wurdt Eddy dirigent fan de gospelgroep " Jaldei Tsion" op De Gerdyk. Krijt alt-saksofoanles en lid fan De Fanfare yn Oerterp. Oprjochtsjen fan de Kantory yn Oerterp, dêr't Eddy dirigent fan wurdt, bart yn 1983. Yn 1989 is de earste professionele opname mei eigen Ingelsktalige lieten op piano by Telesound Recording yn Ljouwert, û.l.f. Ton Klein. De lieten wurde yn eigen behear opnommen en fêstlein op (kassette)tape. In pear jier letter it oprjochtsjen fan de band: Eddy-en-dy. (sang/toetsen: Eddy Dykstra, solo-gitaar: Lolke Eijzinga (âld - Spot'66) , bas: Lourens Reitsma (letter ferfong troch Ate Sietzema), drums: Eelco Sixma.) Twadde reûny-konsert fan Spot'66 yn it bowlingsintrum It Haske op'e Jouwer. Dit kear is broer Lowell net oanwêzich. Syn plak wurdt ynnommen troch Eelco Sixma. Ek Cees Slump docht net mei. Bron WikipedY

Artist : Eddy Dykstra
Album : Underweis - An Emigrated Son
Source : CD
Year : 1998
Genre : Troubadour, Folk
Label : Marista
ID : UPCD98143

Encoder : exact audio copy 0.96b
Codec : lame 3.91
Quality : CBR, 192kbps, joint stereo

ID3-Tag : Yes, Version 1 & 2.3

Posted By : RealFrisian on 17-02-2015
Ripped By : NMR on 30-07-2005

Posted to : alt.binaries.mp3
alt.binaries.nl

Included : This Info-File (NFO)
Playlist (M3U)
Parity-files (PAR)
Frontcover


Tracklisting
------------
01 (4:03) Emigrated son
02 (4:09) Underweis
03 (3:36) Tusken dreamen yn
04 (4:32) Romte
05 (2:37) Suzenane pop
06 (3:27) Be home tonight
07 (3:38) A song for maon and dad
08 (3:28) Minskebryk is minskelyk
09 (3:04) Nei oan
10 (3:19) Bleeding free
11 (4:04) Butterfly
12 (2:35) Frisian tune

Playing Time : 42:32
Total Size : 58,5 MB

Album op verzoek geplaatst [klaas]

Verzoeken van Nederlandse artiesten en bands uit de jaren '60, '70, '80 en '90 zijn altijd welkom.
Wat ik niet heb? -> kan ik altijd proberen om te vinden!
Plaats ze wel graag even in 1 van mijn laatste spots.

Groetnis, RealFrisian

Comments # 0